Home
03-Annet-de-Jong.jpg
                                        Swette-kids-disco         vrijdag 3 november   <klik hier>

6-11-2016 Fjouwer ôfmeldings soargen foar in lyts ploechje. As der fjouwer fan de trettjin net binne, bliuwe der mar njoggen spilers oer. Dat wie net sa folle en it kaam ek net sa goed út, omdat guon krekt tsjin elkoar spile hienen. Gelokkich joegen ús oare ôfspraken oer dizze kompetysje wat ljocht yn it tsjuster.
Dy ôfspraken giene oer it spultsje Frysk. Wy ha besletten om yn elts gefal ien spultsje fan dizze nijsgjirrige fariant yn de kompetysje op te nimmen. De útslach jildt like folle as in gewoane partij. Der waarden moandeitejûn trije spullen Frysk ferspile en twa gewoanen. Om mar by dy gewoanen te begjinnen, pakke wy Rients Wynia earst by de kop. Hy siet te damjen tsjin Tineke Teigeler. Tineke hat it op dit stuit wat dreech

mei it damjen. Se is entûsjast genôch, dêr leit it net oan. Op de iene oare wize kin se har goeie spul sa mar troch in streek of in pear streken yn de nederklits strike. Dat barde ek tsjin Wynia. Dizze man hie wat dat oanbelanget in maklike jûn.
Ype Boelens like in drege jûn mei te meitsjen. Hy stûn nei in pear streken tsjin Cor Kooistra sa mar in houtsje achter. Mar dy drege jûn krige er net. Nee dy wie mear foar syn tsjinstanner. Dy woe mei alle geweld dat houtsje foar behâlde. Dat slagge ek aardich oant it momint dat er of achter kaam of syn houtsje opofferje moast. Dat lêste barde. Doe ferskynde der in ynteressant einspul op it boerd. Yn wêzen die Boelens in ferkearde ôfruil en koe Kooistra dochs noch maklik winne.
Mei it spul Frysk hie Bauke Bos aardich sukses. Hy fersloech Hennie de Haan en spile tagelyk remize tsjin Bauke de Boer. Sjoerd Jan Bakker naam it op tsjin Willem Schaap mei elk in healoere op de klok. Bakker is altiten sterk yn it einspul. Willem is fansels ek net sa snotterich yn dat spultsje. It like lyk op te gean, mar Willem pakte wol de folle punt.
Utslaggen Rients Wynia – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; Frysk: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer ½ - ½; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-01.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 203 gasten en één lid online