Home
16-KBC.jpg

              Jongens Tegen de Meisjes                       18 november      <klik hier>

De Strikers en dit seit us kampioen: “Moatst it spul besjen as allegearre lytse puzeltsjes!
Boppesteande opmerking fan Jelle Wiersma wie as antwurd op it folgjende sizzen fan ien fan de Strikers: “It komt goed op de kop oan!” Nee dat hoecht hielendal net

neffens ús kampioen, ast it mar as ûntspanning besjochst. Ja dat is fansels maklik praten fan de man dy’t op damgebiet krekt in fin mear hat as in bears. 
No die it dizze jûn ek wer bliken dat dyselde Jelle krekt efkes better yn puzeljen is as syn tsjinstanner. No moat der wol sein wurde dat dy tsjinstanner ek omraak puzele hat, mar it wie net genôch om Jelle in puntsje of in heal ôf te troggeljen. Hoewol de einstân foar beide spilers bestie út in daam en trije houtsjes. Dy daam en houtsjes fan Wiersma stienen krekt efkes better as dy fan syn opponint.
Ype Boelens en Dicky van der Meer begûnen mei harren partij mei elk noch gjin punt yn ’e bûse. Dêr soe nei alle gedachten nei it spyljen foar ien feroaring yn komme of foar beide yn it gefal fan kamp. Fan kamp wie trouwens gjin sprake, want yn it middenspul helle Diky der in moai slachje út. Ype skode even ferkeard en hy waard dêr fuort op ôfrekkene: Ien houtsjes achter. Dy efterstân briek Ype soer op. Op it lêst wie it trije om twa. Dan ha jo mei twa houtsjes meastal net folle mear yn de molke te brokkeljen. Mei Ype wie dat net oars en hy bleau op nul stean, wylst Dicky ynnommen wie mei syn earste punt.
Der wie noch ien mei de earste punt. No kinne dy punten dizze man neat skele. Hy komt foar it spul. Ja dy Tsjerk Wiersma is in echte leafhawwer. As er ris in kear wat gaueftich wint dan seit er: “Dizze jildt net, we dogge no ien út echt!” Sa gie dat moandeitejûn trouwens net. Nee der waard stevich trochdamme tsjin Rients Wynia. De lêste wie der net hielendal, net echt by sûpe en stút. Ferline wike moast er ôfsizze en no wie er noch net rjocht de âlde. Lykwols gyng it damjen him noch goed ôf. Se skoden dan ek in ynteressant spul op it boerd. Tsjerk kaam der hieltiten wûnderbaarlik moai út. Dat net allinnich, hy soarge der ek foar dat Wynia as earste oan kaam te sitten. Doe koe de lêste de bakker en de slachter wol ôfsizze: it wie bekeken.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Rients Wynia 1 – 0; Bauke de Boer – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-23.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 317 gasten en geen leden online