Home
25-Terpstra.jpg

De Strikers binne werom út alle hoeken en lannen. De Stadige Strikers binne wer paraat. Se kamen al wer twa moandeitejûnen út alle hoeken en hannen werom yn it Swettehûs, mar net ien út Skearnegoutum sels. Dat is eins in griis. Ek al fanwegen it feit dat op 4 febrewaris 1932 hjir yn Skearnegoutum yn it kafee oan de Swettewei it dambûn Frysk Spul oprjochte is. Dambond Friesch Spel wie doe de offisjele namme. Oan de oare kant is it in wûnder dat de moaie Fryske fariant noch altiten libbet as in hert. Yn dy tiid is it oantal dammers wol wat ôfnommen, mar noch net sadanich dat der sprake fan wêze soe om de hiele brot mar op te doeken. Hoewol dus it oantal leden op

de klups  wol werom rûn binne, wurdt der ynternasjonaal ek oan Frysk damjen dien. Dat is wol hiel bysûnder. Foaral it nije spul Fiif tsjin Fiif mei de namme Frysk smyt op dit stuit hege eagen. Der is al Tsechyske kampioen Frysk en ek in Ytaljaanske. Apart hi!
Eartiids seine se dan tsjin my: “Mei dat Fryske damjen komst net fierder as oant de Kop fan de Ofslútdyk en oant hast Wolvegea.” Nee dus wy komme der mei yn Praach en hast yn Rome en op in toernoai yn Ingelân. Wêrom binne dy bûtenlânske dammers sa wei fan ús Fryske spul sille jo miskien freegje. No dat komt omdat de kâns op remize folle lytser is yn it Fryske spul. Twa dammen tsjin ien is bygelyks ferlern!
It is in ear om sa’n tinksport te beoefenjen. En dy Strikers wiene der dus allegearre wer op it fertroude plak: de bar fan it Swettehiem. Ferline wike waard der fergadere en noch as aardichheidsje in potsje damme. Ofrûne moandei wie it wer raak. Der plat foar. It gong wer om de punten. Jelle Wiersma, dy hat in fin mear as in bears, sloech fuort ferwoastend ta. Hy wûn twa partijen. Hy spile se tagelyk. En dat wie net tsjin de earste de bêste. Hy lei Dicky van der Meer en willem Schaap del. Net sûnder stjit of slach. Nee der moatst foar knokt wurde. Twa prachtige partijen, mar Jelle luts wol twa kear oan it langste ein.
Yn deselde klasse moast bauke Dykstra út de Tynje it opnimme tsjin Nijlânder Cor Kooistra. Der kaam in wat saai spul op it boerd. Dat wie te tankjen oan de lêstneamde. Hy antwurde op in oare manier as gewoanwei. Yn it middenspul lôge it fjoer op yn it spul. It koe beide kanten út oant it momint dat Kooistra in streekje die der gjin antwurd op wie sûnder houtferlies. Doe waard der noch wol wat troch skood, mar de partij wie doe eins út.
Utslaggen. Rients Wynia – Bauke de Boer 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 1 – 0; Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

juni-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-79.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 449 gasten en geen leden online