Home
28-thuiszorg.jpg

       KOMT U OOK ETEN?  <Klik hier>

Skearnegoutum en de Samenloop voor hoop. Bijna is het zover.... Vijf/ 5 ploegen út Skearnegoutum dogge mei oan de Samenloop voor Hoop fan it KWF ein dizze wike op 24 en 25 sept. op it feemerksterrein yn Snits. Dat hâldt yn dat der seker sa’n 100 minsken meirinne út ús doarp en omjouwing. Dêrneist sil Excelsior in optreden fersoargje krektlyk as ek de band Just no Knock wêrfan de measte leden ek út ús doarp komme. En as je it terrein op rinne sille jo dêr de tinten fan ús pleatslike tinten ferhierder oantreffe. Tel dêrby op dat de beide ponghâlders en in tal frijwilligers ek út Skearnegoutum komme en sa moatte we wol te de konklúzje komme dat ús doarp net swak byspilet mei de dizze happening.

It doel fan de Samenloop voor hoop is jild yn te sammeljen foar kankerûndersyk fan it KWF. Mei-elkoar krapoan 60 teams sille sneon fanôf middeis 16 oere oant snein 16 oere kontinu trochrinne om’t de striid tsjin kanker ek, dei yn dei út, 24 oeren lang trochgiet. De grutte fan de teams fariearret fan 8 oant 28 minsken dy’t mekoar hieltiten ôfwikselje sadat der altiten ien as mear rinners fan in team yn de baan binne. Der is sels ien rinner dy’t 24 oeren lang trochrinne wol. In optelsomke leard ús dat der dizze dagen al gau sa’n 1500 minsken yn ’t spier binne foar dit fantastyske doel. Der is in parkoer fan 450 meter útsetten op it feemerk terrein wêrby de rinners ek troch de feemerkhal rinne. Lâns dit parkoer binne kreamen opstelt fan û.o. de dielnimmende teams en alderhande oare ynstelling mei as doel middels ferkeap fan guod ekstra jild foar it KWF yn te sammeljen. De organisaasje stribbet yn totaal nei in bedrach fan boppe €100.000,- te generearjen foar it KWF. Tsientallen bedriuwen, partikulieren en ynstelling wurkje belangeleas mei it kommend wykein.

It hiel wykein binne der foar en tidens de Samenloop allerhande aktiviteiten. It begjint freed al mei in gala-benefyt-diner mei publike feiling by it vd Valk hotel. Sneon en snein is der op twa poadia entertaiment, is der een goede doelen-merk, in berneloop, in hurdrin-prestaasjeloop, in horekaplein, in galadiner en in protte oare aktiviteiten. Mar ek is der plak foar emoasje, plak en tiid om te praten en ûnderfinings mei kanker. As jo mear witte wolle oer de samenloop sjoch dan mar ris op: http://www.samenloopsneek-swf.nl/

As doarpsmienskip mei we grutsk wêze op al dy doarpsgenoaten dy’t har no en al langer ynsette om in bydrage te leverjen om de striid tsjin kanker úteinlik te winnen. De gelearden sizze dat kanker úteinlik in groanyske  sykte wurde sil wêroan je net mear hoege te ferstjerren. Wat soe dat moai wêze, ommers, allegearre ha we wol immen yn de famylje of freonen en kunde rûnte dy’t de striid tsjin de sykte, faak op fierstente jonge leeftyd, ferlern hat. Ek binne der op it stuit guon minsken yn ús mienskip dy’t fjochtsje tsjin dizze freeslik sykte. It is mei foar harren dat we yn aksje komme by de Samenloop voor hoop Sneek-SWF.

It mienskipsgefoel sil grut wêze yn Snits oankommend wykein! 

Geart Bos.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-71.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 344 gasten en geen leden online